MCL Ljouwert skerpet maatregels fierder oan: noch mar ien oerke iepen foar besite

Yn it sikehûs MCL yn Ljouwert jildt fan tongersdei ôf in oanpaste regeling foar besikers. Der is noch mar ien momint op de dei dat besikers wolkom binne. Dat is fan 17.00 oant 18.00 oere middeis.
De haadyngong fan it MCL yn Ljouwert © Timo Jepkema
It besykoere op jûntiid is dêrmei skrast. Coronapasjinten of pasjinten dy't fertocht wurde fan corona meie hielendal gjin besite ûntfange. It MCL hie earder al sein dat der noch mar ien besiker komme mei op in dei. Dat bliuwt ek sa. As besikers ferkâlden binne of koarts hawwe meie se ek net yn it sikehûs komme. Ek meie besikers allinnich yn it MCL komme as sy út Fryslân, Grinslân, Drinte of de Noardeastpolder komme.

Twa fan de trije corona-ôfdielings yn gebrûk

It MCL wol mei de oanskerping fan de regels de sekerheid om de pandemy yn de stringen te hâlden fierder fergrutsje, seit wurdfierder Frits Mostert. De sikehuzen hawwe harren goed tariede kinnen op de dingen dy't komme sille, en dat docht no fertuten. It MCL kin coronapasjinten dy't binnenkomme goed helpe. Op de ic wurdt in grut tal plakken ynnaam troch coronapasjinten, ek omdat se lang oan de beäzeming moatte. Dat kin oant twa of trije wiken duorje.

Net-coronasoarch kin ek trochgean

It MCL hat trije ôfdielings ynrjochte foar coronapasjinten. Der binne no twa fan yn gebrûk. Dêrtroch kin op oare ôfdielings de soarch gewoan trochgean. De Fryske sikehuzen kinne de akute en de semy-akute soarch goed leverje, neffens Mostert. Soarch dy't net akút is, wurdt útsteld of telefoanysk ôfhannele.

Mear drokte by kardiology

Op guon ôfdielings is it no wol wat drokker wurden omdat de pasjinten net mear thúsbliuwe, lykas by kardiology, sjirurzjy en de earste help. De Fryske sikehuzen hawwe noch genôch kapiteit, ek omdat de ferwachte grutte tastream fan coronapasjinten oant no ta útbleaun is, seit Mostert. Mar it bliuwt fan it grutste belang dat de minsken harren hâlde oan de foarskriften fan it RIVM.
Frits Mostert fan it MCL