100 miljoen euro foar begjinnende bedriuwen: "Kijken hoe we nood kunnen lenigen"

08 apr 2020 - 15:45

Der komt 100 miljoen euro oan oerbrêgingslieningen beskikber om begjinnende en ynnovative bedriuwen troch de coronakrisis te helpen. Dat hat it kabinet bekend makke. Mar oft it genôch is om de startups te rêden is net wis, seit direkteur fan de Investerings- en Ontwikkelingsmaatschappij voor Noord-Nederland (NOM) Dina Boonstra.

Ekonomy - Foto: Shutterstock.com

De NOM sil it jild foar it noarden ferdiele, en wie ek yn de tariedings fan de regeling al belutsen. "Wij zijn de afgelopen paar weken al heel druk met het ministerie in gesprek geweest om dit te organiseren", seit direkteur Dina Boonstra. "Omdat we gemerkt hebben dat de doelgroep startups en scale-ups die niet bancair gefinancierd worden buiten de boot dreigden te vallen."

80% yn de problemen

Ut sifers fan TechLeap docht bliken dat sa'n 80 prosint fan de saneamde startups ferwachtet yn de problemen te kommen troch de coronakrisis, mar oare bedriuwen ha der krekt gjin lêst fan, seit Boonstra. "Er zijn ook bedrijven die inspelen op de nieuwe ontwikkelingen. Sommigen hadden het vanaf het eerste moment lastig, anderen beginnen het nu lastig te krijgen. Het beeld is wel wisselend."

Oft de 100 miljoen dy't no beskikber komt foar de begjinnende bedriuwen genôch is, kin Boonstra noch net sizze. "Ik denk dat het nooit genoeg zal zijn, maar op dit moment moeten we eerst met dit bedrag eens kijken hoe we de nood kunnen lenigen. Als het blijkt dat het werkt, kan ik me voorstellen dat er meer beschikbaar komt."

De lieningen binne fan 20 april ôf oan te freegjen. Wêr't bedriuwen krekt oan foldwaan moatte om yn oanmerking te kommen is noch net dúdlik.

Dina Boonstra oer de oerbrêgingslieningen foar startups

(advertinsje)
(advertinsje)