HCL docht oprop foar coronaguod foar argyf

08 apr 2020 - 15:42

It Histoarysk Sintrum Ljouwert wol in corona-argyf oanlizze, en dêr kin elkenien oan meidwaan.

Coronamaatregels by slachter Rijpma - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

"We binne der net unyk yn, oare stêden yn Nederlân en miskien sels yn Europa dogge argiven deselde oprop," fertelt Klaas Zandberg fan it HCL. "Der wurdt no skiednis skreaun yn dizze tiid, ek yn Ljouwert. De Prinsetún is leech, it is stil op strjitte. Ik seach lêsten foto's fan de autoleaze snein yn de santiger jierren dat wie bysûnder."

"Eardere krises as pest, malaria en goalera binne goed dokumintearre en dat moat no ek. It giet om foto's, films, affysjes en briefkes. Mar we wolle net alles ha, wol briefkes op winkelruten ensa. We ha ek in fotograaf op paad stjoerd dy't fêstleit dat minsken foar de ruten fan it ferpleechhûs steane en Ljouwerter artysten dy't aubades bringe. En we ha ien fûn dy't by it Ljouwerter sikehûs MCL achter de skermen foto's makket."

Mooglik komt fan it ynbrochte guod takom jier in tentoanstelling.

Op de webside is te lêzen hoe't it materiaal stjoerd wurde kin.

Trefwurden: 
Ljouwert argyf HCL coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)