Stel út Amsterdam oppakt foar bankpasfraude yn Ljouwert

08 apr 2020 - 15:19

De plysje hat yn Ljouwert in jongeman en twa froulju út Amsterdam oanhâlden dy't besocht hiene om in bankpas te stellen fan in frou yn Ljouwert. De frou hie moandei in e-mail krigen, mei in warskôging dat har bankpas ferrûn wie. Yn de e-mail stie ek in link. Dêr hie se op klikt en har gegevens ynfolle.

Foto: Plysje

Dêrnei krige de frou in berjocht dat de bankpas by har thús ophelle wurde soe. Doe fertroude se it net mear en warskôge de plysje. Letter kaam der yndied in frou by har oan de doar om de bankpas op te heljen. Mar al foardat de bewenster de doar iepen dwaan koe, naaide de frou dy't de bankpas ophelje soe wer út.

De plysje koe de auto fan de frou lykwols letter wer opspoare en de trije ynsittenden binne yn de sel set, yn ôfwachting fan fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert bankpasfraude
(advertinsje)
(advertinsje)