Fryske hoareka al dwaande mei '1,5-meter-ekonomy': "Wij waren al eerder dan Rutte"

08 apr 2020 - 14:50

Yn de Fryske hoareka wurdt al drok neitocht oer hoe't de restaurants, hotels en kafees mooglik wer iepen kinne, as it kabinet beslút om de coronamaatregels wer ôf te bouwen. Dat seit foarsitter Corné van de Erve fan Koninklike Horeca Nederland regio Fryslân.

Menukaart - Foto: Shutterstock.com

Hoewol't lang net wis is oft de maatregels ynkoarten ferromme wurde, hat premier Mark Rutte ferskate sektoaren al wol oproppen om alfêst nei te tinken oer hoe't sy te wurk gean kinne as de maatregels minder strang wurde. Mar yn Fryslân wie de hoareka dêr al lang mei dwaande, fertelt Van de Erve. "Wij waren al veel eerder aan het denken dan Rutte."

Utdagings

Der is in grut ferskaat oan saken yn de hoareka, dus moatte der ek ferskillende oplossings komme. "Het mooie van de horeca is dat het heel divers is. Een snackbar kan zeggen, ik zet de tafeltjes iets verder uit elkaar of ik zorg dat er net iets meer ruimte is bij de toonbank", fertelt Van de Erve.

Foar de 'klassike' hoareka, dêr't it iten oan tafel brocht wurdt, is de útdaging grutter, seit Van de Erve. "Dan kunnen we wel zeggen we zetten de tafeltjes iets verder van elkaar, maar dan heb je twee uitdagingen: is het aantal tafeltjes nog voldoende om rendabel te zijn en hoe komt de ober niet dichterbij dan anderhalf meter? Het eten zal toch op tafel moeten komen."

Hokker maatregels krekt jilde sille, is no noch net te sizzen. "We gaan anders leven, dat weten we, maar verder weten we eigenlijk nog helemaal niets. Uiteindelijk zal het definitief afhangen van de landelijke regelgeving", seit Van de Erve.

Corne van de Erve van Koninklijke Horeca Nederland

(advertinsje)
(advertinsje)