4 juny lanlike dei foar slagge skoalbern, spesjale toets om noch foldwaande te heljen

08 apr 2020 - 14:20

Eksamenlearlingen fan de middelbere skoalle dy't slagge binne, kinne dat op tongersdei 4 juny fiere. Minister Slob hat dy datum bekendmakke as lanlik momint. Foar de learlingen dy't noch ûnfoldwaande stean komt in spesjale toets om dochs noch slagje te kinnen.

Foto: ANP

Skoalbern hearre op syn letst 4 juny oft sy slagge binne. Om te slagjen meie sy ien fiif op Nederlânsk, Ingelsk en wiskunde ha en meie sy maksimaal ien fiif en ien fjouwer op de einlist ha. Gewoanwei moatte de learlingen ek gemiddeld in 5,5 stean op alle fakken fan it sintraal eineksamen, mar dy regel ferfalt.

Herkânsing

Guon bern stean troch it net trochgean fan de sintrale eineksamens noch ûnfoldwaande omdat sy der op rekkene hiene harren sifers mei it sintraal eineksamen ophelje te kinnen. Om harren dochs in kâns te jaan om te slagjen, meie sy foar twa fakken in 'resultaatsverbeteringstoets' meitsje . Dy toetsen binne - krekt as it sintraal eineksamen - de helte fan it einsifer wurdich en wurde fan 4 juny ôf ôfnaam.

De bern dy't nei harren skoaleksamens al wol oan de easken foar slagjen foldogge, kinne dus op 4 juny de tradisjonele flagge mei rêchpûde úthingje om harren slagjen te fieren.

(advertinsje)
(advertinsje)