Mear as santich tips by plysje oer dea Karin Grijpstra; mes fûn yn'e berm

08 apr 2020 - 13:40

De plysje hat nei de nijste útstjoering fan Opsporing Verzocht oer de dea fan Karin Grijpstra út Koarnjum mear as santich tips krigen. "Het zijn verschillende soorten tips", seit in foarljochtster. "Mensen die meedenken: wat zou er die nacht gebeurd kunnen zijn?" Boppedat is no bekend wurden dat der op 11 maart, doe't der in grutskalige sykaksje plakfûn, in mes fûn is.

It mes dat fûn is lei dêr nei alle gedachten al hiel lang, seit in wurdfierder fan de plysje, dy't dan ek net tinkt dat it mes brûkt is by it delikt. Omdat alles meinommen wurdt yn it ûndersyk, wurdt it wol serieus ûndersocht.

Mooglike senario's

Ien fan de suggestjes is dat der mooglik wat bard is mei de hûn, dy't se oan it útlitten wie. "Daardoor is er mogelijk ruzie ontstaan." De plysje sjocht nei twa senario's: "Het zou kunnen zijn dat iemand bekend was met haar en met haar patronen, dus wist dat ze vaker 's nachts de hond uitliet. De tweede mogelijkheid is dat ze op het verkeerde moment op de verkeerde plaats was."

Dieder wie bekend yn de buert

Yn beide gefallen tinkt de plysje dat de dieder ien is dy't bekend is yn de buert. "We hebben uitgebreid gesproken met rechercepsychologen en profilers. Zij vertellen ons dat gezien de locatie en tijdstip het eigenlijk iemand zou moeten zijn die hier bekend is."

Hiele doarp praat deroer

It hiele doarp hat de útstjoering fan Opsporing Verzocht sjoen en elkenien hat it deroer, seit ferslachjouwer Auke Zeldenrust fan Omrop Fryslân. "Minsken wiene der al mei dwaande, mar no fansels hielendal."

De sleatswâl oan De Wier op it plak dêr't de frou fûn waard - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It is te hoopjen foar de neisten dat der gau ljocht skynt.

Jaap Keizer fan doarpsbelang Koarnjum

Jaap Keizer fan it doarpsbelang: "As de dieder ien út de buert is... jonge, jonge. Ik soe it net witte, ik doar it net te betinken. Je moatte neat útslute." Yn it doarp libje se bot mei de famylje fan Grijpstra mei, seit Keizer. "It is te hoopjen foar de neisten dat der gau ljocht skynt."

De plysje en doarpsbelang oer de dea fan Karin Grijpstra

It fragmint fan Opsporing Verzocht oer de dea fan Karin Grijpstra:

(advertinsje)
(advertinsje)