SNN: Miljoen foar ynnovative corona-oplossings

Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) en de trije noardlike provinsjes stelle ien miljoen euro subsydzje beskikber foar bedriuwen en ynstellingen yn it Noarden dy't nije corona-oplossings sykje.
© Pixabay
It jild foar de 'covid-19-subsydzje' komt út it Europeesk fûns foar regionale ûntwikkeling EFRO. Yn dizze perioade fan sûnenskrisis troch it coronafirus is der driuwend ferlet fan nije mooglikheden it firus oan te pakken, neffens it SNN. Undernimmers en kennisynstellingen binne of wolle oan 'e gong mei ûndersyk om oplossingen te finen en dêrfoar kinne se subsydzje oanfreegje.
Direkteur Marjan Dol seit dat it SNN it ek as syn maatskiplike taak sjocht om wat te betsjutten foar de sûnenssoarch en it wolwêzen fan de minsken yn de regio.
De subsydzje is mei yngong fan freed beskikber. Oanfreegje kin oant en mei 30 april. It jild giet allinnich nei dejingen mei de bêste plannen.