Makket de corona-applikaasje ynbrek op privacy?

08 apr 2020 - 13:00

De oerheid is dwaande mei in telefoanapplikaasje om te sjen wa't yn kontakt west hat mei ien dy't it coronafirus hat. De Nederlânske privacywaakhûn Autoriteit Persoonsgegevens hat noed dat dat wolris in ynbrek op de privacy wêze kin, mar der binne metoades om dat foar te kommen.

Foto: Omrop Fryslân

"It is mooglik om it fia bluetooth te dwaan", fertelt ICT-spesjalist fan Omrop Fryslân Willem de Boer. "Dêr wurdt yn Singapore al mei wurke. Dêr hâlde se minsken mei wa'tst kontakt hân hast yn in list op de telefoan by. Op it momint dat ien meldt dat er siik west hast, wurdt dat trochjûn. Dejingen dy't yn de buert west ha, krije dan in melding." Sa wurde de gegevens allinnich op de telefoan opslein en dus net yn in grutte database.

It berik fan bluetooth is grutter as twa meter, dus dy metoade is net hielendal krekt. In oare opsje is om it fia GPS te dwaan. "Der binne mooglikheden om de GPS-lokaasje út te lêzen en te registrearjen en sa te sjen wa't by elkoar west ha en wa't kontakt hân ha", seit De Boer.

Privacy wurdt garandearre

Op hokker wize de applikaasje wurkje sil, is noch net dúdlik. Minister Hugo de Jonge hat yn elts gefal al tasein dat de app allinnich brûkt wurdt as de privacy garandearre wurde kin. Oft it ferplicht wurdt de app te brûken, is ek noch net dúdlik.

ICT-spesjalist Willem de Boer oer de corona-app

(advertinsje)
(advertinsje)