GGD: Ofrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen, 25 positive tests

08 apr 2020 - 12:01

De ôfrûne 24 oeren binne der yn Fryslân gjin nije coronastjergefallen bykaam. Dat seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. It is foar it earst yn seis dagen dat der gjin minsken ferstoarn binne oan de gefolgen fan it coronafirus. It oantal stjergefallen stiet no op 25. Der binne wol mear nije positive tests as ea yn ien etmiel: 25.

It testbelied is ferromme en soarchpersoniel kin no fia de bedriuws- of de húsdokter op útnûging yn de teststrjitte delkomme. De Graaf: "We hebben opgeschaald van 30 tests per dag naar meer dan 100 per dag. Dat betekent dat de aantallen stijgen en dat we in de loop van de week ook meer aantallen verwachten."

Neffens it RIVM binne minsken mei mylde klachten net fuortendaalks ymmún. Mar wat betsjut dat foar de fersprieding fan it firus? "Als je een nieuw virus hebt, is het lastig om op korte termijn uitspraken te doen over hoe het virus zich gaat gedragen. Mild of niet mild, daarmee is niet gezegd dat je immuun bent. Sommige virussen muteren zich in een net iets andere vorm en dan kun je het weer krijgen. Hoe dit virus zich gaat gedragen weten we nog niet", leit De Graaf út.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Groepsymmuniteit

Dêrmei komt it doel fan groepsymmuniteit yn gefaar. "In begin is wel gedacht dat als iedereen het heeft gehad het virus de wereld uit is, maar daar moeten we nog wel meer informatie voor hebben." Wat al wol dien wurde kin, is faksinearje. "Dan is in ieder geval een deel van de mensen immuun, afhankelijk van hoeveel het virus zich muteert." Dan krije we deselde stabiliteit as by de gewoane gryp.

By gryp is in faksin lykwols ek net altyd genôch. "Het hangt ervan af hoe het virus zich gaat gedragen en of het vaccin meteen goed mikt. Dat is afwachten."

It kabinet wol apps ynsette foar kontaktûndersyk. Dêrmei kin sjoen wurde mei wa't ien allegear yn kontakt west hat. "Het is nu erg arbeidsintensief voor ons om mensen stuk voor stuk te bevragen met wie ze contact hebben gehad. Dat stukje zou via een app kunnen gaan. Daarmee zou je meer contactonderzoek kunnen doen en dat zou een hoop werk schelen."

Margreet de Graaf van GGD Fryslân oer de nijste sifers

(advertinsje)
(advertinsje)