FIDEO: De kowedûns yn Burgum

De maitiid is wer begûn en dat betsjut dat de kij fan boer Andringa foar it earst wer nei bûten koene. Gewoanwei lûkt dat in soad publyk, mar fanwege de coronakrisis koe dat dit jier net.
Sjoch nei de 'kowedûns' fan de kij fan boer Andringa:
Omrop TIP: De koeiendans in Burgum
Om 13.30 oere mochten de kij foar it earst dit jier wer nei bûten en dêr hiene sy al sin oan, fertelt boer Floris Andringa. "Se waarden al wat ûnrêstich, se hiene it al yn de gaten dat se wer nei bûten kinne. Dan binne se bliid dat se de romte ha. Dat ha se binnen ek wol, mar nei bûten mei it sintsje derby springe se dochs altyd."