Fries Museum ynspirearret muzikanten mei keunstwurken

08 apr 2020 - 11:48

It Fries Museum hat ferskate keunstwurken beskikber steld foar Rock the House. Dat is in muzykwedstriid wêrby't muzikanten útdage wurde harren ynspirearje te litten troch keunst.

Fries Museum - Foto: Fries Museum

De wedstriid is in inisjatyf fan ArtRocks. Sy daagje muzikanten út om harren ynspirearje te litten troch de kolleksjes fan ferskate musea, werûnder dus it Fries Museum. Sa kin it publyk yn de coronakrisis dochs noch wat fan de keunst ûnderfine.

De muzyk dy't sy meitsje kinne sy fia sosjale media diele mei in hashtag. De winner krijt in masterclass en in jildpriis fan 250 euro, en foar elke dielname wurdt in euro donearre oan it Rode Kruis.

(advertinsje)
(advertinsje)