Provinsje en gemeenten lûke fjouwer miljoen út foar fytsfeiligens

08 apr 2020 - 10:01

Provinsje Fryslân en de Fryske gemeenten lûke fjouwer miljoen euro út foar fytsfeiligens. Sa wol de provinsje it tal iensidige fytsûngelokken ferminderje.

Foto: René Wiegmink / ProNews

It jild kin foar ferskate oanpassingen brûkt wurde, lykas it skieden fan fyts- en lânbouferkear en it oanpassen fan krúspunten. Ek kinne de wite streken op de fytspaden fierder fan de kant ôf komme sadat minsken dy't oer dy streek fytse net fuort yn de berm telâne komme.

De provinsje wol dat der spesjaal rekken holden wurdt mei âldere fytsers, omdat sy faker by in ferkearsûngelok belutsen binne. Troch it ûntwerp fan diken en paden oan te passen op hoe't âlderen reagearje yn it ferkear kin harren feiligens ferbettere wurde. Dat kin bygelyks troch de wite streken op de dyk dúdliker te meitsjen.

Hurdfytspaden

Der is tsien miljoen euro beskikber steld foar it ûntwikkeljen fan hurdfytspaden. Sokke bredere fytspaden moatte it fytsen fan langere ôfstannen stimulearje. Yn 2023 soene fjouwer fan dizze hurdfytsrûtes iepen wêze moatte.

De provinsje stelt twa miljoen euro út de subsydzjeregeling Fyts!mpuls beskikber foar de oanpassings. De gemeenten moatte de oare helte betelje.

Deputearre Avine Fokkens oer de fytspaden

(advertinsje)
(advertinsje)