Kollum: "Yn ’e kelder"

08 apr 2020 - 08:54

"Ik ha Jort Kelder noait lije mochten. Mar der wie gjin reden om it dêr mei jim oer te hawwen. Ik tocht dat we hjir yn Fryslân noait wat mei sa'n grêftegurdleman te krijen ha soenen. Dat affektearre stimke kin ommers nea in Frysk wurd fatsoenlik útsprekke. Boppedat fyn ik dat je it nea oer persoanen ha moatte. Net Rutte fertelt ús dat it ea 28 april wurde sil, mar de regearing. Dêr't Rutte wer tafallich foarsitter fan is.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

No moat ik in bytsje earlik wêze, ik doch dat ek wol en ha it ek dien: de politike saak yn de skuon fan in persoan triuwe. Ik skriuw ek dat Sietske Poepjes fynt dat der in nije Fryske kultuer komme moat, wylst dat de algemiene politike opiny is, dy't Sietske útfiere moat en miskien sels wol net iens sitten sjocht. Dêrby komt dat Kelder radio en telefyzjeprogramma's makket. En dy makket hy op syn wize sa ynhâldik dat ik it bêst efkes oer de persoan Jort Kelder ha kin.

Dy Jort Kelder tinkt dat hy in bûtengewoan geweldige man is, dy't alles better wit as in oar. Dat tinke wol mear radio- en telefyzjeminsken. Dat makket de wrâld fan radio en telefyzje en wit ik wat foar sosjale en ûnsosjale media ek, ta in ferkearde wrâld. Dat sjogge je ek op dit stuit fan de corona. Elk haffelet der op syn of har wize mar yn om. De harkers en sjoggers lêze of hearre dat en sizze: it komt sa en sa. Nee. Sa tinke dy radio en telefyzjeminsken dat it komt. En dy sizze dat op in toan dy't Ruttiger is as Rutte sels.

Werom nei ferline wike: in medium, Omrop Fryslân, ynterviewt in oar medium: Jort Kelder. Want dat is in medium op himsels. Krekt sa't de Leeuwarder Courant de âld-Ljouwerter Wilfried Genee ynterviewde oer in plaatsjelulkoek-programma dat dy Genee presintearje sil. It is al slim dat der guon minsken nei harkje wolle, skriuw der asjebleaft net oer. En absolút net mei in man dy't de bek noait iepen dwaan wol en dus ûnfersteanber troch alles en elkenien hinne jeuzelet. In wûnder dat minsken sizze dat hy sa goed is: ik ha noch noait ferstien wat hy sei.

Jort Kelder. Hy hat in hûske op Skylge, al tinkt hy dat it op Terschelling stiet. Minsken dy't in hûske op Skylge ha binne toeristen, rekreanten, twadde hûsbesitters en -brûkers. Rike lju dus, mar gewoane rike lju. Kelder is bysûnder, fynt hysels. Dus de gemeente Skylge moat him, sa fynt hy, behannelje as in ynwenner fan Skylge as him dat better past.

Want hy wol hin en wer reizgjen bliuwe nei en fan it eilân. Hy wie deabenaud dat de Waadboargemasters beslisse soenen dat toeristen net komme meie en absolút net hin en wer reizgje kinne. Want hy wol sa no en dan wer nei de Skylger dunen, want dêr prate de kninen him noait tsjin. Dus hy wol no ynienen Skylger wêze. In Fries dus. En gjin toerist.

Dat mei fan my allegear. Dat binne inkeld mar oantsjuttingen fan de yndividualiteit. Dat is wol ferskriklik, mar dat kinne we net mear keare. Kelder praat altyd troch oare minsken hinne en dat die hy doe ek. Hy sei ynienen dat al dy maatregels hielendal ferkeard foar de ekonomy binne. Elkenien moat fan him hin en wer farre kinne, dan wurdt hy ek wer gewoan toerist. Hy sei der efteroan dat it dochs dwaas is dat we no miljarden ferspylje om in pear âlde nuten dy't smoke en te swier binne en dochs binnen twa jier dea binne, te sparjen of fersoargjen tsjin corona.

De logyske reaksjes (fan respektleas oant walchlik) op dy útspraak fûn hy sneontemiddei yn syn radioprogramma oerdreaun. Letterlik: "Ik wil echt niet alle bejaarden dood hebben". Niet alle. Ik ha in stien troch de radio soademitere. En ik fyn dat de boargemaster fan Skylge, of nee dy is wethâlder yn Ljouwert wurden, dat Arno Brok dy Kelder mei in oardel meter lange stôk fan it eilân ôfjeie moat en as net-winske frjemdling oer de grins sette moat. Ja, dy meie altyd noch yn dit lân bliuwe. Kelder net."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)