Fideodeiboek: "Zwaai maar naar die mensen buiten, daar hebben jullie een orchidee van gekregen"
In moaie dei foar de bewenners fan soarchsintrum Herbergier yn Harns. Ans Visser en har kollega's meie orchideeën útdiele dy't se fan de Rotary krigen ha. In Herbergier is in lytsskalige wenfoarm foar folwoeksenen mei bygelyks demintens. Yn de takom tiid makket Visser fideodeiboeken fan hoe't dizze bewenners troch de coronatiid hinne komme.
VLOG Ans Visser
Ans Visser en de oare vloggers folgje? Dat kin fia dizze dossierside.

Ans Visser
Ans Visser út Sint-Anne is tegearre mei har man eigener fan Herbergier Harlingen, in wenfoarm foar minsken mei demintens. Visser fertelt yn it Biltsk oer de soarch foar de bewenners, dy’t ferlet ha fan in fêste struktuer. Sy sil yn de fideo’s besykje sjen te litten hoe’t se de bewenners in noflike dei jaan kin.