Organisaasje Admiraliteitsdagen: "We witte net hoe't de wrâld der tsjin dy tiid by leit"

08 apr 2020 - 08:10

De organisaasje fan de Admiraliteitsdagen yn Dokkum is teloarsteld dat de jubileumedysje fan dit jier net trochgean kin. It evenemint, dat hast elk jier sa'n hûnderttûzen besikers lûkt, soe pas oer fiif moanne holden wurde, mar de organisaasje makke tiisdei bekend dat de Admiraliteitsdagen nei septimber folgjend jier ferpleatst wurde.

Foto: Marit Anker

"We binne al fan septimber foarich jier dwaande mei it organisearjen. Wy gean mear ferplichtingen oan en der moat in momint komme dat der dúdlikheid is foar elkenien dy't derby belutsen is, benammen by dingen dy'tst ynhiere moatst. Dus dy beslissing moat no makke wurde", seit Jan Michel van der Gang, foarsitter fan de Admiraliteitsdagen.

"We witte net hoe't de wrâld der tsjin dy tiid by leit. De kâns dat grutte eveneminten dan net meie, is neffens ús hiel grut. We ha dit net samar dien, we ha dit yn oerlis dien mei oare eveneminten yn Nederlân. Wy tinke dat it net ferantwurde is om dan safolle minsken by elkoar te setten. De jubileumedysje sil in drokke edysje wurde, dus dan moatte we it ferskowe nei folgjend jier."

De organisaasje wol no net om jild freegje foar it evenemint. Van der Gang: "It is in evenemint dat sa folle jild opsmyt by sponsoaren, mar dat kinne wy no net freegje fan it bedriuwslibben. Dat hat no oare soargen." De jubileumedysje fan de Admiraliteitsdagen sil no hâlden wurde op 2, 3, 4 en 5 septimber 2021.

Jan Michel van der Gang, foarsitter fan de Admiraliteitsdagen

BinckBank Tour

Mei it net trochgean fan de Admiraliteitsdagen yn Dokkum is it de fraach hoe't it komt mei de BinckBank Tour. Dizze grutste etappekoers foar profesjonele hurdfytsers yn Nederlân en België begjint op moandei 31 augustus yn Dokkum. De eveneminten wurde los fan elkoar organisearre, mar fanwegen it jubileum fan de Admiraliteitsdagen waarden se dit jier oan elkoar keppele.

"Deputearre Sander de Rouwe: "Wy sille no tegearre mei de gemeente en de organisaasje fan de BinckBank Tour sjen oft dy Tour der komt of net. Op dit stuit hâlde we alle opsjes iepen. It kin sa wêze dat it net trochgiet." It kabinet wol uterlik 21 april opnij sjen oft de coronamaatregels eventueel ferlinge wurde sille. "Dêrom witte wy no noch net wat dat betsjut foar augustus. De sûnens stiet foarop."

Deputearre Sander de Rouwe oer de BinckBank Tour

(Advertinsje)
(Advertinsje)