Brân fernielt dak dongopslach yn Sint-Nyk

08 apr 2020 - 07:27

De brânwacht waard tiisdeitejûn alarmearre foar in brân by in agrarysk bedriuw oan de Westend yn Sint-Nyk. De brân woede yn in dongopslach.

Foto: Jaring Rispens

De brânwacht hat it fjoer útmakke. Fan it dak fan it bouwurk bleau neat oer. Hoe't de brân ûntstean koe en oft der ferwûnen fallen binne, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)