Liveblog | 8 april 2020

Coronanijs woansdei 8 april: Ymmuniteit net garandearre; Swimalvestêdetocht giet net troch

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 9 april 2020, 12:23
22:24

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog foar no. Tank foar it folgjen.
Tongersdei geane we wer fierder mei ús berjochtjouwing.
22:06

Plysje Ljouwert bekeurt 7 persoanen by fuotbalkoai yn Ljouwert

20:46

Op besite by Weima en Van der Werf

20:44

ROC Friese Poort leart âld-soarchmeiwurkers by

20:39

Guon winkels binne wer iepen

Guon winkels dy't earder de doarren tichtdienen om fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean, binne wer iepemn. Van Haren hat hast alle skuonwinkels iepen, ek mannemoadewinkels as The Society Shop en Suitsupply binne iepen lykas Bever Zwerfsport.
20:17

Besmetting yn De Warrenhove

Op De Warrenhove fan Zorggroep Liante yn Drachten binne in bewenner en trije meiwurkers posityf test op it coronavirus. De bewenner is isolearre. Kontaktpersoanen binne ynformearre. De meiwurkers sitte thús yn isolaasje.