Coronanijs woansdei 8 april: Ymmuniteit net garandearre; Swimalvestêdetocht giet net troch

08 apr 2020 - 22:00

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • De Twadde Keamer debattearret hjoed oer de 'exit-strategy', en de apps dy't it kabinet foarstelt;
  • Neffens it Reade Krús kin de coronakrisis 'de grutste ramp sûnt de Twadde Wrâldoarloch' wurde;
  • Neffens de lêste sifers lizze der 73 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen, 27 fan har lizze op de intensive care;
  • Yn totaal binne der yn Fryslân 25 minsken ferstoarn oan it firus, en 247 minsken binne posityf test;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:24
Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog foar no. Tank foar it folgjen.

Tongersdei geane we wer fierder mei ús berjochtjouwing.

20:39
Guon winkels binne wer iepen

Guon winkels dy't earder de doarren tichtdienen om fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean, binne wer iepemn. Van Haren hat hast alle skuonwinkels iepen, ek mannemoadewinkels as The Society Shop en Suitsupply binne iepen lykas Bever Zwerfsport.

20:17
Besmetting yn De Warrenhove

Op De Warrenhove fan Zorggroep Liante yn Drachten binne in bewenner en trije meiwurkers posityf test op it coronavirus. De bewenner is isolearre. Kontaktpersoanen binne ynformearre. De meiwurkers sitte thús yn isolaasje.

19:43
Tal coronapasjinten yn ferpleechhuzen nimt ta

It tal coronapapasjinten yn ferpleechhuzen nimt mar ta. Neffens Verenso binne no 1779 registrerre pasjinten yn ferpleechhuzen mei corona.

19:39
Fideodeiboek fan Jaap Hoekstra

It is stil yn it bedriuwesintrum De Fabriek yn Ljouwert fan fêstgoedûndernimmer Jaap Hoekstra. Yn syn vlog foar de rige 'Berjochten út it hert' lit hy sjen watfoar ympakt de coronakrisis hat op ûndernimmers. En hoe't it no moat yn de takomst.

18:43
ROAZ: yn Fryske sikehuzen 26 pasjinten op ic

ROAZ: yn Fryske sikehuzen 26 pasjinten op ic en 46 pasjinten net op de intensive care.

18:29
Margreet de Graaf fan de GGD
Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)