Plysje oer dea Karin Grijpstra: "Dieder komt mooglik út omjouwing"

Yn Opsporing Verzocht is tiisdeitejûn opnij omtinken frege foar de dea fan Karin Grijpstra út Koarnjum. Yn de útstjoering komme ek de widner en twa dochters fan Karin Grijpstra oan it wurd. De plysje hâldt rekken mei it senario dat Grijpstra om it libben brocht is troch ien út de omjouwing en freget om fertochte situaasjes yn de perioade fan Grijpstra's dea te melden.

Senario's plysje: eigen omjouwing

"Karin Grijpstra leek met niemand in conflict en dat maakt het zoeken naar een dader lastig. We houden er rekening mee dat ze is aangevallen toen ze haar hond uitliet bij de sloot langs haar woning. De kans echter dat iemand op zo'n afgelegen plek wordt aangevallen, is klein."
De plysje hâldt dêrom rekken mei twa senario's. "Het kan zijn dat de aanval toch persoonlijk is geweest. Dat iemand die haar kende en ook haar patronen kende, dat die haar heeft opgewacht." In oar senario is dat Grijpstra in ûnbekend persoan tsjinkaam is. "Mogelijk is er tussen haar en die onbekend iets gebeurd, waardoor die persoon besloot haar aan te vallen. Puur door pech."

By beide senario's giet de plysje derfan út dat de dieder út de eigen omjouwing komt. De plysje prate wiidweidich mei tsjûgen. "Buitenstaanders vallen op in een klein dorp en er is geen enkele aanwijzing dat er een vreemd persoon in de buurt is geweest van het plaats delict."

Oprop

Yn de útstjoering docht de plysjewurdfierder fan plysje Noard-Nederlân in oprop oan tsjûgen om harren te melden. It giet dan om minsken dy't fertochte of gekke situaasjes opfallen binne yn de perioade dat Karin Grijpstra dea fûn waard.
Grijpstra ferstoar yn de nacht fan sneon 22 op sneon 23 febrewaris 2020 tichtby har wenning, doe't se nachts har hûn útliet. "Wij vragen mensen uit Cornjum en omgeving nu om na te denken of iets of iemand hun is opgevallen in hun eigen directe sociale kring. Iets wat hier mee te maken kan hebben, bijvoorbeeld dat iemand in die nacht tussen 2 en 9 uur van huis is geweest en dat niet goed heeft kunnen verklaren. Of dat iemand met modder op zijn kleding is thuisgekomen, of dat er iemand in die periode kleding heeft weggemaakt of zich verdacht heeft gedragen. Het kunnen hele subtiele signalen zijn, maar we horen ze toch heel graag."

"Ik seach de hûn foar de doar en wist fuort 'dit is foute boel'

Yn de útstjoering komme ek de twa dochters fan Karin Grijpstra oan it wurd. "Us mem wie altyd fleurich, eltsenien mocht har graach lije." Ek har man komt oan it wurd. "Se hie ien grutte passy en dat wienen de bisten. Oant de lêste dei wie se mei har wurk as assistint-bistedokter dwaande. Se gie alle dagen fluitsjend nei it wurk, mei in hiel soad wille."
"Ik waard wekker en ik fielde neist my en der leit neat. Ik tocht earst dat se ûnder foar de telefyzje yn sliep fallen wie, mar ek dêr seach ik har net. Doe't ik de hûn foar de doar stean seach, wist ik dat ik fuortendaliks dat it fout boel wie en doe bin ik sykjen gong."
Ien fan de twa dochters fertelt hoe't se har mem fûn. "Oan de ein fan de oprit seach ik har lizzen, en dat is in byld dat je net mear kwytreitsje." De oare dochter follet oan: "It is foar ús ek hiel dreech om it in plakje te jaan, om't der no noch ien omstapt dy't dit dien hat. "
De widner en twa dochters fan Karin Grijpstra oan it wurd