Stranger tafersjoch op skoalfak Frysk, mar net troch provinsje

07 apr 2020 - 22:13

Der sil stranger sjoen wurde nei it jaan fan it fak Frysk en de kwaliteit dêrfan. Dat hat minister Raymond Knops yn in brief witte litten oan de Twadde Keamer. Yn desimber die út in rapport fan de Underwiisynspeksje bliken dat it skoalfak Frysk net goed genôch is. De minister fynt lykwols net dat it tafersjoch op it fak by de provinsje Fryslân lizze moat, sa't deputearre Sietske Poepjes foarstelde.

Sietske Poepjes - Foto: Omrop Fryslân

In soad skoallen fine it dreech om it fak goed oan te bieden. Basis- en fuortset ûnderwiis soenen it fak oanbiede moatte, mar op de measte skoallen wurdt der te min dien oan de taalbehearsking, docht bliken út it rapport. VVD en CDA hiene dêrnei fragen steld.

Deputearre Poepjes bliuwt by it stânpunt dat it tafersjoch better by de provinsje lizze kin: "De minister seit: it foech foar de ynspeksje fan it ûnderwiis wolle wy echt by it Ryk hâlde. Wat de provinsje Fryslân altyd sein hat: it is goed by it Ryk, mar it soe better wêze by de provinsje Fryslân." Dochs is Poepjes wol bliid dat de minister aksje ûndernimt. "Ik tink dat se by it Ryk no in stapke fierder gean. Dêr bin ik oer te sprekken, want der is wolris in wat minder aktive rol ynnommen yn de jierren hjirfoar."

Untheffingen

Neffens de Underwiisynspeksje binne tydlike ûntheffingen dy't Provinsje Fryslân oan skoallen jûn hat in grutte behindering. It effekt dêrfan wie nammentlik dat de ambysje om Frysk oan te bieden te leech bliuwt. Poepjes joech ta dat it fak foar guon skoallen te frijbliuwend is. Dat moat net sa wêze, fynt de minister. "Specifieke eigen ideeën van besturen over het schoolvak Fries kunnen nooit reden zijn om niet aan de wet te voldoen," skriuwt de minister no yn de brief.

Strafwurk

De minister jout no oan dat sy skoalbestjoeren freegje om harren te ferantwurdzjen. Der komme ûndersiken dêr't ek mei leararen en learlingen praat wurde sil oer it fak. "Dêr sille sy echt op de man ôf oansprutsen wurde oer hoe't it sit mei it ûnderwiis fan it Frysk. As de kwaliteit net goed is sil men ek yngripe. In mear aktive hâlding dus."

As der tekoartkommingen binne, sil de ynspeksje in 'herstelopdracht' jaan, skriuwt de minister. "Dat is goed en net goed. As it safier komme moat, dan binne wy yn de provinsje net goed dwaande. As der wat twongen oplein wurdt of as der in boete op leit, dan fiele jo de echte wearde fan Frysk yn it ûnderwiis net. Ik hoopje dat it noait safier komme sil. Sy wolle yn de basis hanthavenje. Mar bin der wol oer te sprekken dat der in stôk efter de doar komt te stean," seit Poepjes.

Deputearre Sietske Poepjes oer it ûnderwiis fan it Frysk

Skoallen hawwe op dit stuit ek wol wat oars oan 'e holle.

Sietske Poepjes, deputearre

Yn fjouwer jier in nivo omheech

It is de bedoeling dat alle skoallen oer fjouwer jier op syn minst ien nivo omheechgien binne. Dat duorret dus noch wol efkes. "Ik tink dat dat oan de koarte kant is as je sjogge nei hoe gau feroaringen trochfierd wurde. Wat wy wolle is dat it in groeimodel is en dat de bern better Frysk ûnderwiis krije. Net om't der in boete op stiet of om't de provinsje, de deputearre of de minister seit dat it moat, mar om't sy it wolle. Dêrom hawwe je dy fjouwer jier wol nedich."

Ek seit Poepjes mei klam: "Dizze diskusje fûn yn in oar tiidrek plak, corona spile noch net. Ik kin my foarstelle dat skoallen op dit stuit wol wat oars oan de holle hawwe. Bern wurdt thúsûnderwiis jûn. Frysk is wichtich, mar alles hat syn tiid. Dus wy begjinne net in diskusje, no't sy oan de frontliny steane mei de drokte."

(advertinsje)
(advertinsje)