Ien fertochte fan Drachtster wenningoerfal oppakt

07 apr 2020 - 21:57

De plysje hat ien persoan oanholden, dy't belutsen wêze soe by de wenningoerfal oan De Korenmolen yn Drachten, dy't op 21 oktober 2019 wie. Dat fertelt in plysjewurdfierder fan plysje Noard-Nederlân yn it tv-programma Opsporing Verzocht. De fertochte liet DNA efter op de kaai fan de meterkast. Dêrtroch koe de plysje in match meitsje mei it eigen DNA-databestân.

De plysje tinkt dat der twa oerfallers wiene, en dat se help hân hawwe fan twa hantlangers.

By de oerfal waard ûnder oaren in jildkistke meinaam, mei dêryn weardefolle brieven fan de ferstoarne man fan de oerfallen frou. Yn Opsporing Verzocht fertelt de 93-jierrige bewenster fan it oerfallen hûs har ferhaal. "Ik deed me soms ook gewoon wat onnozel voor, alsof ik hun niet goed verstond. Want ik had geen zin in klappen", fertelt se.

DNA op kaai

De plysjewurdfierder fertelt dat ûnderwylst ien fan de twa fertochten fan de wenningoerfal oppakt wurde koe troch in DNA-match. "Een van de daders heeft bij het openen van de meterkast DNA achtergelaten op de sleutel. Daardoor konden we een match maken. Deze persoon is inmiddels opgepakt."

De twadde fertochte is noch net yn byld. "Via Meld Misdaad Anoniem is wel een tip binnengekomen met namen van mensen die mogelijk de dader zouden kunnen zijn, maar dat heeft tot nu toe nog niets opgeleverd." De plysje leaut dat der yn Drachten dochs noch minsken wêze moatte dy't mear witte, sa seit de plysjewurdfierder. "Met die mensen willen wij heel graag in contact komen."

Mooglik twa hantlangers

De plysje tinkt dat de twa fertochten net allinnich wiene. "Rond het tijdstip op de avond van de overval, tussen 21.10 en 21.45 uur hebben meerdere getuigen vier jongemannen zien rondhangen en die gedroegen zich opvallend. Ze reden met zijn vieren rond op twee scooters en wij denken dat dit de twee mannen zijn van de overal."

(advertinsje)
(advertinsje)