Risikofûns fan 1,1 miljoen foar poadiumproduksjes

07 apr 2020 - 20:52

Kulturele eveneminten dy't falle ûnder de flagge LF2028 kinne gebrûk meitsje fan in subsydzjeregeling, dy't de risiko's fan in mooglike ôffallende kaartferkeap ôfdekt. Yn totaal is der 1,1 miljoen euro beskikber foar de regeling dy't op 17 april úteinsette sil.

De programmapresintaasje fan LF2018 yn Ljouwert - Foto: ANP

De poadiumproduksjes fan LF2028 binne in ferfolch op LF2018, Kulturele Haadstêd fan Europa. Ek doe wie der sa'n risikofûns beskikber foar ôffallende kaartferkeap.

Fan de njoggen projekten dy't dêr doe oan meidien ha, ha trije winst makke. Fan dy winst gie de helte wer werom nei de subsydzjeferstrekkers, yn dat gefal de provinsjes en de gemeente Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)