Noch net wis oft BinckBank Tour yn Dokkum trochgiet

No't de Admiraliteitsdagen yn Dokkum net mear trochgeane yn septimber, is it de fraach hoe't it komt mei de BinckBank Tour yn de stêd. De belangrykste etappekoers foar profesjonele fytsers yn Nederlân en België sil dit jier op 31 augustus úteinsette yn Dokkum.
© www.orange-pictures.nl
It is de bedoeling dat der dan in etappe fan goed 170 kilometer troch Noardeast-Fryslân fytst wurde sil. Oarspronklik soe de BinckBank Tour ekstra gewicht jaan oan de Admiraliteitsdagen, dy't oan de tsiende edysje ta wie.
Deputearre Sander de Rouwe seit dat der ein april wer oerlis mei de organisaasje fan de BinckBank Tour wêze sil. Dan is ek bekend oft it kabinet de maatregels om it coronafirus te bestriden trochsetten hat.
Mocht ek de BinckBank Tour ein augustus net trochgean yn Dokkum, dan soe it mooglik letter yn it jier of takom jier wol kinne, neffens De Rouwe.