Eksakt 75 jier lyn dat Fryske befrijing begûn: "Ze moesten eigenlijk in Drenthe landen"

07 apr 2020 - 18:46

It is tiisdei eksakt 75 jier lyn dat de befrijing fan Fryslân begûn. Appelskea wie it earste Fryske plak dat befrijd waard. En dat wie net troch de Ingelsen of de Kanadezen, mar troch de Frânsen. Pieter Mulder wie acht jier doe't dat barde. It stiet him allegear noch goed by. "We zaten te eten en toen zei mijn vader: 'Daar heb je ze al'", seit Mulder.

Geert Veen en Pieter Mulder - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

It wie eins hielendal net de bedoeling dat de Frânsen yn Appelskea komme soenen. "Ze moesten eigenlijk in Drenthe landen, want ze moesten de bruggen in Drenthe bezet houden om de Canadezen de overtocht te verlenen", seit Geert Veen fan de histoaryske feriening fan Appelskea.

"Door het slechte weer waren ze afgedwaald en kwamen ze in Appelscha terecht", sa seit Veen, dy't yntusken in boek skreaun hat oer de ferhalen fan Appelskea yn de Twadde Wrâldoarloch.

By de befrijingsaksjes yn de omjouwing fan Appelskea binne nei alle gedachten 33 Frânske militêren omkaam.

Belústerje hjir it hiele petear fan ferslachjouwer Willem de Vries mei Geert Veen en Pieter Mulder

(advertinsje)
(advertinsje)