FIDEO: Earste Keamer stimt op bysûndere wize unanym foar needpakket

De Earste Keamer hat tiisdeitemiddei unanym ynstimd mei in needwet om de slimste klappen foar de stilfallen ekonomy op te fangen. Dat gie op in bysûndere wize, want fanwege coronamaatregels mochten der mar fjirtjin senatoaren tagelyk yn de Earste Keamer wêze. Senator Gerben Gerbrandy fan de OSF út Gau wie by de gearkomste.
Yn coronatiid moat senator Gerbrandy nei Den Haag om te stimmen