Noardeast-Fryslân set ekstra plysje op it wetter yn tsjin drokte

07 apr 2020 - 16:52

De gemeente Noardeast-Fryslan set takom wykein ekstra minsken yn om te hanthavenjen op it wetter. Se wolle dêrmei foarkomme dat te folle minsken byinoar komme. "Ofrûne wykein gongen opfallend protte minsken mei boatsjes it wetter op", seit boargemaster Johannes Kramer. "Dêrom wolle we takom peaskewykein ekstra sjen oft alles yn goede banen bliuwt."

Ofrûne wykein waard it te drok by de pier yn Holwert - Foto: De Vries Media

Johannes Kramer

Der wurdt ekstra tafersjoch holden by plakken as de pier fan Holwert, de omjouwing fan de Lauwersmar en de Waadseedyk. Dat wiene de plakken dêr't it ôfrûne wykein ek oan de drokke kant wie. "Op in gegeven stuit wiene der krekt wat te folle minsken, dat oardel meter ôfstân hâlde net mear koe. Dus ha we pier fan Holwert tydlik ticht dien. Minsken begriepen dat wol, mar doe gongen guon nei de dyk by Peazens. Dus dan wurdt it dêr wer drokker."

Moai waar, lange dagen

Dêrom wurde kommend wykein dus ekstra minsken ynset. "Moai waar, lange dagen. Dan sit der wat jongerein op in boatsje mei in kratsje bier. Foardat je it witte, sit der 20 of 30 man oan de wâlskant byinoar. Dat moatte we net wolle."

Lyk bekeure sil de plysje net dwaan, seit Kramer. "We binne der wiis mei dat fierwei de measte minsken ôfstân hâlde. In lyts part net, mar as je it gesprek oangeane, dan snappe sy it ek wol. Dus bekeure dogge we pas op it lêste momint. In goed petear wurket meastentiids hiel goed."

(advertinsje)
(advertinsje)