Boskmaneezje Bakkefean yn finansjele problemen: "De takomst is ûnwis"

07 apr 2020 - 16:52

Gjin wedstriden, gjin lessen en ek de kantine leit stil: de boskmaneezje yn Bakkefean wurdt hurd rekke troch it coronafirus. It is noch net dúdlik wannear't de maneezje wer neffens de gewoane gong fan saken wurkje kin. Dat soarget foar in protte stress. Om dochs de kosten betelje te kinnen, hat de maneezje in crowdfund-aksje opset.

"We ha no 500 euro binnen, mar der moat eins mear by", seit eigener Froukje Stuiver. "Oars wurdt foar ús de takomst ûnwis."

"Sjoch, dit binne ús bêste hynders", sa seit Sanne Stuiver. Sy rint mei in lytse poppe op de earm troch de stâlen fan de maneezje. "Dy bisten moatte noch wol iten ha fansels, De ûnkosten gean noch gewoan troch, mar de ynkomsten lizze stil."

Sanne hat krekt in lytse poppe fan 9 moannen. Sy wol yn de takomst, tegearre mei har sus, graach de maneezje oernimme. Dy takomst is ûnferwachts hiel oars wurden. "Dat soarget foar in protte stress en dat is benammen te fernimmen oan ús mem. Dy is fluch segrinich, want se sit ticht op it fjoer. Sy wit wat der bart en wat it allegearre kostet."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Sanne iepenet de hikke foar in tal hynders dy't nei bûten moatte. "It is foar ús dreech, want je moatte echt sjen hoe't je rûn komme kinne", ferfolget se har ferhaal.

"Ik ha in lytse poppe en dan sitte je net te wachtsjen op al dizze finansjele stress. We ha in byld foar de takomst. Troch dizze regels is dat no fuort. Je witte net hoelang't it duorret en dat is it minste. Je wolle in takomst foar de lytse poppe, mar hoe folje dy dan yn?"

Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

Om de takomst oan te kinnen, hat de famylje Stuiver no in crowdfundaksje opset. "We sitte no op ûngefear 500 euro en ha 10.000 nedich", begjint eigener fan de maneezje Froukje Stuiver har ferhaal. "Mar we binne ek krekt begûn."

Froukje hat fiif jier lyn de maneezje kocht. De earste jierren wiene swier, mar no begûn de maneezje krekt goed te rinnen. "We ha in protte opsette moatten, mar dat slagge hieltyd better. Je bouwe fan neat dochs wat op. We seagen mei de hiele famylje út nei de takomst, mar hoe't it no komt doar ik net te sizzen."

Froukje en har famylje hoopje dat de maatregels net te lang duorje sille. "We ha al net sa grutte buffer, dus eltse moanne is eins al te lang. Mochten minsken in goed idee ha, stypje ús dan asjebleaft."

Finansjeel stypje kin fia de side fan de maneezje.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie by de maneezje

(advertinsje)
(advertinsje)