Sittingsseal rjochtbank Ljouwert krijt pleksyglês tsjin coronafirus

Yn ien fan de rjochtsealen yn de rjochtbank fan Ljouwert komme skermen fan pleksyglês tusken de rjochters, griffier en offisier fan justysje. De trochsichtige skermen moatte foarkomme dat de juristen inoar yn de sittingsseal besmette mei it coronafirus.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ek de oare twa rjochtbanken yn Noard-Nederlân litte skermen pleatse. Yn Grins giet it om twa sealen en yn Assen, krekt as yn Ljouwert, om ien seal. De rjochters sitte ticht op inoar yn de sittingsseal. Dit is foar it rjochtbankbestjoer Noard-Nederlân reden om de skermen tusken en foar de juristen te pleatsen.
Neffens in wurdfierder fan de Raad voor de Rechtspraak is it pleatsen fan skotten in selsstannige kar fan it rjochtbankbestjoer en gjin lanlik belied.
Sûnt de sluting fan de rjochtbanken, gerjochtshoven en bysûndere kolleezjes wurde alle saken opskood. Allinnich urginte saken gean troch, lykas beslissingen oer it foararrest, úthûspleatsing of falliseminten.