Heidehipper komt nei 20 jier mooglik werom nei de Schaopedobbe
Der is hurd wurke om de heidehipper wer werom te krijen yn twa natuergebieten fan It Fryske Gea; de Delleboersterheide by Alderberkeap en de Schaopedobbe by Elso. Op dat lêste plak is dizze soart al 20 jier net mear sjoen.
In projekt fan Vogelbescherming Nederland mei keunstnêsten yn de Keale Dunen mei Staatsbosbeheer smyt dêr genôch briedsukses op om dy oanpak út te wreidzjen nei gebieten dy't dêr net al te fier fan ôf lizze.
Dus hat It Fryske Gea mei de fûgelbeskerming aksje ûndernaam om dat foar elkoar te krijen yn twa fan harren gebieten. De heidehipper - yn it Hollânsk 'tapuit' - hat bot te lijen fan de efterútgong fan syn leefgebiet. Troch te folle stikstof groeit de heide ticht en komt iepen sân ûnder it moas te sitten. Kninen makken gewoanwei hollen dêr't de heidehipper graach yn briedt, mar dy kninen binne der ek hast net mear.
Om ûnder oare de Schaopedobbe geskikter te meitsjen, is dêr wat oan dien. It natuergebiet is iepener makke troch de beamkes en strûken fuort te heljen. En op plakken is de hiele boppelaach derôfhelle wêrtroch't it stowende sân wer te sjen is. Dat docht ek fertuten foar oare fûgelsoarten op de heide.
De soart oerwinteret yn Afrika en de meast stabile populaasjes binne no noch op de Waadeilannen te finen, mar ek dêr giet it net goed. Boskwachter Tom Jager fan It Fryske Gea: "In jier as 30 lyn wiene der sa'n trijetûzen spantsjes heidehippers yn Nederlân. Dêr is no noch mar sa'n tsien prosint fan oer."
Dêrom is de Vogelbescherming mei in projekt úteinset wêrby't se net allinnich keunstnêsten meitsje, mar se soargje der ek foar dat dy nêsten mei gaas beskerme wurde tsjin rôvers.