Kolleezje Eaststellingwerf: gjin nije supermerk yn Easterwâlde

07 apr 2020 - 15:24

Der komt gjin nije supermerk oan de Dertien Aprilstraat yn Easterwâlde. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wiist de fergunningsoanfraach dêrfoar ôf. It past net yn it bestimmingsplan, sizze se. Dat seit dat it in gebiet bedriuweterrein is.

It gemeentehûs fan Eaststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn de oanfraach wurdt ek in fergunning frege om te hanneljen yn striid mei de regels dy't jilde foar romtlike oardering, seit it kolleezje. Boargemaster en wethâlders wolle dêrom dat de ried net ynstimt mei de plannen.

(advertinsje)
(advertinsje)