Ljouwerter sit fêst yn Jordanië: "De panyk bruts in bytsje út"

07 apr 2020 - 14:59

It hie syn bedoeling west om in pear moanne troch it Midden-Easten en Afrika te reizgjen, de 28-jierrige Jetze Roskam fan Ljouwert. Mar de reis wie noch mar krekt begûn of hy sit fêst yn Jordanië.

Jetze Roskam yn Jordanië - Foto: eigen foto

"It gong lyk al mis", fertelt Roskam. "Ik kaam krekt binnen en doe mochten minsken út guon lannen Jordanië al net mear yn. Fuort dyselde jûn waard bekend dat de lofthavens dy dei dêrnei ek ticht gongen."

Seis gefallen: lân op slot

Dochs makke er him doe noch gjin soargen, mar dat feroare gau. "Corona wie doe noch net hiel grut, hjir wie noch mar ien besmetting. Dus ik tocht: ik bliuw hjir wol wat langer yn Jordanië, ek gjin probleem. Mar in dei letter kaam it berjocht: der binne seis coronagefallen, elkenien moat yn karantêne."

"Doe bruts de panyk in bytsje út", moat Roskam earlik tajaan. "De stêd stie folslein fêst. Ik tocht: wat moat ik? Ik hie noch 14 oeren foardat de karantêne yngong en ik siet yn in woestynstêd. Ik koe dêr neat, dus ik moast mar nei de haadstêd. Mar ik hie noch 14 oeren en it wie 6 oeren mei de taksy. Fierstente folle betelle fansels, mar foarút."

Iten oan de doar

Ienkear yn de haadstêd, Amman, socht Roskam in hostel. "Dan binne je wat ûnder de minsken. Mar alle hostels moasten ek ticht, dêr hie ik net by stilstien. Dus ik stie bûten op strjitte en it reinde en it reinde. Uteinlik ha ik wol in hotel fûn. Dy ha my iten oan de doar brocht."

Roskam socht help by de Nederlânske ambassade. "Dy koene net in hiel soad foar my dwaan. Se joegen my wol ynformaasje, se witte wat der spilet. Mar se kinne gjin akkommodaasje regelje."

Ik ha gjin hûs mear yn Nederlân en ik hie myn wurk ek opsein. Dus wat dat oanbelanget soe ik net werom hoege.

Jetze Roskam

Ien fan de dingen dêr't de ambassade wol nei sjocht, binne flechten fan Jordanië nei Europa. "Sa ha ik no de kâns om dizze wike hjirwei te fleanen nei Atene ta. Dat kostet wol 700 euro en dan bin ik noch net yn Nederlân." Fan dy mooglikheid makket Roskam dus nei alle gedachten gjin gebrûk: "Ik wie dochs fan plan om langer fuort te bliuwen. Ik ha gjin hûs mear yn Nederlân en ik hie myn wurk ek opsein. Dus wat dat oanbelanget soe ik net werom hoege, útsein de feilige haven."

Dus sit Roskam foarearst yn Amman. Net mear yn it hotel, hy hiert yntusken in keamer yn Amman. Dêr mocht er oan it begjin hielendal net út. "De earste fjouwer dagen waard bôle en wetter by de huzen delbrocht mei in bus. Dêrnei ha se de lytse winkeltsjes wer iepen dien. Dus no mei ik myn eigen iten keapje."

Mei in omwei werom

Hy kin him aardich rêde yn Jordanië. Net elkenien praat Ingelsk, mar mei hannen en fuotten komst hiel fier, seit Roskam. En safolle kin er dochs net dwaan: "Ik sliep alle dagen út. Ik begjin mei in bakje kofje, in peuk. En ik sit de hiele dei op myn telefoan, dy moat ik wol trije kear deis oplade. Ik besykje alle dagen wol even nei de supermerk te gean of nei de bakkerij. En dan mei in omwei werom te gean, sadat je dochs noch wat yn de fuotten ha. Wat moatte je?"

Hoelang't de lockdown yn Jordanië noch duorret, dêr is noch gjin sicht op. "De minister fan sûnens hopet dat we hjir oan de ein fan de ramadan (23 maaie, red.) wer frij bewege meie, mar de ôfrûne dagen ha we min nijs hân, want de coronagefallen binne omheech sketten. Yn it hiele lân binne it no 330. It loftrom is yn alle gefallen oant juny ticht. Dus ik sit hjir noch wol even."

Roskam wol net te negatyf wêze, want sa slim is it ek wer net. "In hiel soad minsken stjoere my leave berjochten. En ik wit ek dat minsken yn folle mindere situaasjes sitte. Sa min ha ik it net. Minsken binne harren baan kwyt, ik ha it net sa min. Ik rêd my wol. Gewoan kalm bliuwe en de situaasje akseptearje."

Jetze Roskam yn Jordanië

(advertinsje)
(advertinsje)