Fysioterapeuten bliid mei regeling, mar sitte noch wol mei wat fragen

De regeling dy't der troffen wurdt foar soarchoanbieders, lykas fysioterapeuten, kin op tefredenheid rekkenje fan de measte Fryske terapeuten. Sa fergoedzje de soarchfersekerders in part fan de ynkomsten dy't de oanbieders no misrinne. Sekretaris Jelle Eijzenga fan de Friese Coöperatie Fysiotherapie: "It is bêst in goede regeling, mar der sitte noch wol wat iepen eintsjes oan."
De praktyk fan fysioterapeut Jelle Eijzenga © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Ien fan dy iepen eintsjes is hoefolle oft de soarchfersekerders krekt fergoedzje. "Der is ôfpraat dat 60 oant 85 prosint fan de omset fergoede wurdt", seit Eijzenga. "Mar fan welke omset? Fan ferline jier, fan deselde perioade fan foarich jier, fan de lêste trije moanne? Dêr moat noch in antwurd op komme."
Want dat de terapeuten omset misrinne, dat is wol dúdlik. "De gefolgen fan de maatregels binne dat we allegear ticht binne. We sjogge 85 oant 90% minder minsken as oars, dus safolle omset binne we no ek kwyt."

Drokte yn de hjerst

Eijzenga ferwachtet wer drokte, sadree't de praktiken wer iepen kinne. "Allegear reparaasjes binne no útsteld, dy wurde no yn de hjerst dien. En de coronapasjinten moatte nei alle gedachten ek refalidearje, it kin wol oant in jier duorje foardat sy wer hielendal fit binne. Mar as we dalik oeroeren meitsje, meie we dy net yn rekken bringe. Dêr ha we noch wat fragen oer en dy wolle we oan de soarchfersekerders foarlizze."
De fysioterapeuten meie no allinnich by hege útsûndering behannelingen dwaan. Dêrtroch komme se ek foar etyske kwestjes te stean. Eijzenga neamt in foarbyld: "Ferline wike hie ik in klant fan in jier as 50. Hy wie troch syn rêch gong. Syn frou is terminaal, dus hy moat har út bêd tille en yn de rolstoel sette. Dat kin er no net foar syn frou dwaan. En hy sit net yn de risikogroep, mar syn frou wol. Moatte je sa'n ien dan wol of net behannelje? Ik ha besletten om it wol te dwaan, want we nimme alle foarsoarchsmaatregels."

Effektiviteit fysioterapy dúdlik

"En hoe langer't we net iepen binne, wurdt de effektiviteit fan de fysioterapy ek dúdliker. De fitheid fan de kliïnten rint werom yn dizze tiid", beslút Eijzenga.
Jelle Eijzenga