Boetes foar Ljouwerters dy't net oardel meter ôfstân hâlde

07 apr 2020 - 14:02

De plysje hat moandeitejûn trije boetes útdield fan 390 euro it stik oan Ljouwerters dy't net op oardel meter fan elkoar sieten en har dêrmei har net holden oan de coronamaatregels.

Foto: Plysje

De plysje krige moandeitejûn in melding fan lûdsoerlêst yn in hûs oan de Werkmanslust yn Ljouwert. Doe't plysje-aginten dêr oankamen, die boppedat bliken dat der trije manlju fiersten te ticht by elkoar sieten. It trijetal krige in proses-ferbaal en in boete fan 390 euro de man.

(advertinsje)
(advertinsje)