Supermoanne tiisdeitejûn te sjen yn Fryslân: "Dertig procent groter"

07 apr 2020 - 13:44

Kommende nacht is de grutste supermoanne fan dit jier te sjen. Dat betsjut dat de ôfstân tusken de moanne en de ierde 363.595 kilometer is. Ter fergeliking: gewoanwei stiet de moanne 50.000 kilometer fierder fuort. En dat makket in soad út. "Hij is wel dertig procent groter", seit Hans Molema fan stjerrewacht Burgum.

Supermoanne (argyffoto) - Foto: Thea Kommerie-Bosma

De supermoanne is fan healwei njoggenen ôf te sjen. "Dan zie je die maan in het oost-zuidoosten prachtig groot steeds hoger komen. Hij komt eigenlijk kwart over acht op, maar om half negen begint het een beetje donker te worden en dan kun je hem hartstikke mooi zien", seit Molema.

Neist de supermoanne is ek Fenus tiisdei goed te sjen. "Een heel helder lichtpuntje dat er prachtig bijstaat en dat iedereen eigenlijk verbaast. 'Sjonge jonge, wat zou dat nou voor ster zijn?' Maar het is een planeet", seit Molema.

Wêr it beste te sjen?

Molema hat noch tips foar minsken dy't de supermoanne sjen wolle. "Je moet in het open veld gaan staan. Op plaatsen waar geen verlichting is, dan heb je het mooiste zicht en kun je het met een verrekijker heel mooi bekijken. Maar niet met z'n zessen bij elkaar", sa seit Molema.

Hans Molema oer de supermoanne

Trefwurden: 
Supermoanne Hans Molema
(advertinsje)
(advertinsje)