Man hat njoggen messen, machete, ploertedeader en wapenstôk yn de auto lizzen

07 apr 2020 - 12:50

De plysje hat oan de Greunsweg yn Ljouwert in 35-jierrige man oanholden, omdat er allegear wapens by him hie. Se hiene de man steande holden by in kontrôle. Dêr die bliken dat er sûnder rydbewiis ried en dat der drugs yn de auto leine.

In ploertedeader - Foto: Wikipedia

Nei fierder ûndersyk kaam de plysje derachter dat de Ljouwerter ek njoggen messen, in machete, in ploertedeader en in wapenstôk by him hie. De plysje hat de drugs en de wapens yn beslach nommen en de man dêrnei oanholden. Hy sit noch fêst, yn ôfwachting fan fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert wapens
(advertinsje)
(advertinsje)