Psycholooch oer coronapeiling: "Positieve stemming is besmettelijk"

07 apr 2020 - 12:48

De measte minsken hâlde it de kommende wiken noch wol even út yn har selsisolemint fanwege de coronakrisis, docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân en trije oare regionale omroppen. En ek dêrnei noch wol even, as it echt moat. Mar dat jildt net foar elkenien. "Het geeft sommige mensen behoorlijk wat stress", seit psycholooch Irma van Steijn.

Dy stress komt bygelyks troch dat minsken gjin struktuer mear hawwe. "Dan gaan mensen negatief op elkaar reageren en is de sfeer verziekt. Als dat eenmaal begint is het nogal besmettelijk. Je kan elkaar positief besmetten of negatief, en dat zie je dan gebeuren", seit Van Steijn.

Besmetlik

Dochs tinkt 82 prosint fan de Friezen in ferlinging fan de maatregels nei 28 april fol te hâlden. "Die stemming van 'we houden het nog even vol' is dus ook besmettelijk. Als een grote groep dat zegt helpt dat. Ik hoop dat die stemming nog even duurt, want we moeten het nog even volhouden", seit Van Steijn.

'Huidhonger'

De minske is lykwols net makke om sa lang yn sosjale isolaasje te libjen. "De mens is een enorm sociaal dier. We leven op contact en op het betekenisvol zijn voor een ander. Iemand in de ogen kijken en te knuffelen. We hebben 'huidhonger'. Als we dat lang moeten missen, dan worden we ongelukkig", seit Van Steijn.

De tip?

De kommende tiid bringt foar minsken ek in soad ûnwissigens, bygelyks finansjeel. Hoe moatte je dêr mei omgean? "Mensen zijn gewend om problemen op te lossen, maar dit kunnen we niet oplossen", seit Van Steijn. "Wat je niet op kunt lossen, moet je gewoon laten gaan."

"Een onzekerheid die je niet kunt oplossen moet je met elkaar delen en het erover hebben, maar staar je er niet op blind dat je het moet oplossen", sa seit Van Steijn.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust prate mei Irma van Steijn

(advertinsje)
(advertinsje)