Meiwurkers soarchsintrum Sint-Anne ûnder druk fan bûten: "Der wurdt sa'n soad frege"

07 apr 2020 - 12:34

De druk dy't de meiwurkers fan soarchsintrum Beuckelaer yn Sint-Anne fan bûtenôf krije, kinne se der eins net by ha. Dat seit direkteur Atje Tadema. Fiif meiwurkers fan Beuckelaer binne posityf test op it coronafirus, nei't in wike lyn al twa bewenners it firus hiene.

"Der wurdt sa'n soad frege fan de froulju dy't hjir wurkje", seit Tadema. "Se fersoargje hjir de sike minsken yn swiere omstannichheden, mei dy beskermjende klean oan. Dan komme je nei lange tsjinsten thús, en dan hast it thúsfront. En dan komt der ek noch druk út de oare bedriuwen."

Partners sitte thús

Tadema doelt ûnder oare op it wurk fan de partner fan de soarchmeiwurkers. "Ik wit dat der lju út boubedriuwen thús sitte, omdat de partners hjir wurkje."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De meiwurkers fan Beuckelaer dy't it firus ha, ha ferskate klachten. "Guon binne flink ferkâlden en moatte kochelje, oaren ha koarts. De minsken hjir dogge har wurk fol faasje en fjoer. De druk út de omjouwing kinne je der dan net by ha."

No't it coronafirus by meiwurkers en bewenners fan it soarchsintrum fêststeld is, ha se maatregels naam. "We ha ien ôfdieling ôfsletten fan de rest", seit Tadema. "Der binne no sân minsken mei it firus, tinke we. En dan hast yn sa'n soarchsintrum ek altyd de reguliere siken. Al mei al jout dat in hiel grut beslach op de meiwurkers. We draaie mei dûbele besetting, mar der sitte ek meiwurkers thús."

Seis meiwurkers wachtsje noch op testútslach

Sa binne der seis meiwurkers dy't tiisdei test wurde op it firus, dy moatte de útslach dêrfan dus noch krije. Der komt wol fan alle kanten stipe, fernimt Tadema. "We krije fantastyske help fan thússoarch Het Friese Land, fan pensjonearde meiwurkers, fan minsken út it ûnderwiis dy't in soarchachtergrûn ha. Dy melde har oan, dat is de oare kant fan it ferhaal. Prachtich om te sjen."

(advertinsje)
(advertinsje)