Jubileumedysje Dokkumer Admiraliteitsdagen ferskood nei takom jier

07 apr 2020 - 12:07

De Admiraliteitsdagen yn Dokkum geane dit jier net troch. It hie begjin septimber de tsiende edysje wurde moatten, mar dy wurdt no ferskood nei takom jier fanwege it coronafirus. "Het doet pijn in ons hart om deze beslissing te moeten nemen", seit de organisaasje yn in ferklearring.

Foto: Marit Anker

Al duorret it noch fiif moannen foardat it evenemint wêze soe, hat de organisaasje it beslút no al nommen. Se wolle net no om jild freegje foar it evenemint, wylst se noch net sizze kinne oft it wol trochgiet. Boppedat is noch net bekend hoelang't de maatregels dy't no jilde, noch fan krêft bliuwe. "Daar kunnen we niet op anticiperen."

Boargemaster: begryplik, mar tige spitich

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân begrypt it beslút fan de organisaasje. "Elkenien rekkenet op in feest, mar je kinne net sizze oft dat tsjin dy tiid wol kin. As je no kontrakten ôfslute mei bands as Bløf, dan gean je foar ytlike tonnen in kontrakt oan. Dat kin no net, dus dan is it hiel begryplik dat it in jier opskoot. It is wol tige spitich, want it is altyd in fantastysk feest wêrby't minsken út de fiere omkriten nei Dokkum ta komme."

(Advertinsje)
(Advertinsje)