GGD: Wer twa coronastjergefallen; fjouwer nije positive tests

Der binne der de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân twa nije coronastjergefallen bykaam. Dat meldt GGD Fryslân. It giet om minsken dy't al langer op de intensive care leine. Dêrmei komt it totale oantal coronastjergefallen op 25. Der binne fjouwer nije positive tests bykaam, yn totaal binne dat der no 221. Dat is de leechste taname fan it oantal positive tests sûnt twa wiken.
LIVE GGD Margreet de Graaf
Dochs moatte we dêr net te betiid jûchje, neffens Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân. "Dit binne de sifers fan snein en op snein is it meastal minder drok op de testlokaasjes. Dan fine je ek minder besmettings. It seit noch net sa'n soad oer it totale oantal besmettings."
GGD Fryslân hat moandei in fjirtichtal soarchmeiwurkers test op de nije testlokaasje op it mienskiplike parkearterrein fan medysk mikrobiologysk laboratoarium Izore en Pathologie Fryslân.
Tanksij de útwreidere testlokaasje kinne mear soarchmeiwurkers test wurde. It giet om soarchmeiwurkers dy't wurkje mei kwetsbere pasjinten en ûnmisber binne yn de soarch, bygelyks yn ferpleechhuzen, de thús-, jongerein-, geastlike sûnens-, handikepte- en âldereinsoarch.

Nije testlokaasje

De earste dei op de nije testlokaasje ferrûn goed. Kleinhuis: "We koene fuort sjen oft we de saken goed regele hiene." Dat is rêstich wie, kaam no goed út neffens Kleinhuis: "Op de earste dei moatst noch rûtine krije." Yn totaal binne der sa'n fjirtich minsken test. "Dat is in lyts oantal fan wat we oankinne. Oft we mear krije, hinget ôf fan hoefolle minsken trochstjoerd wurde. It is wachtsje hoe't it de kommende wiken rinne sil."
GGD Fryslân © GGD Fryslân
De bedriuwsdokter bepaalt of in soarchmeiwurker yn oanmerking komt foar in test. Selsstannigen sûnder bedriuwsdokter oerlizze mei de dokter-ynfeksjesyktebestriding fan de GGD. Sy kinne har net streekrjocht melde by de testlokaasje.

Undersyk

Omrop Fryslân hat mei RTV Oost, RTV Drenthe en RTV Noord in peiling dien nei wat minsken tinke fan ferlinging fan de coronamaatregels. Hast tsien prosint stiet neutraal yn in ferlinging, wylst 82 prosint fan de ûnderfregen in ferlinging wol oan kin.
Kleinhuis: "Nei oanlieding fan it ôfrûne wykein binne wy tefreden oer hoe't Friezen har hâlde oan de maatregels, mei in pear útsûnderingen. Dat jout fertrouwen foar de takomst." Neffens Kleinhuis is it goed dat minsken elkoar derop oansprekke dat se ôfstân hâlde moatte. "Help elkoar herinnerjen, dat foarkomt kâns op besmetting."
Yn guon grinsregio's wiene der fan it wykein in soad Dútske toeristen en de regels binne op dy plakken dêrom oanskerpe. Dat is lykwols net nedich foar Fryslân, seit Kleinhuis, om't de tastream fan Dútsers yn ús provinsje net grut is: "Wy hawwe gjin problemen mei de easterbuorlju."
Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân