Lionsclub dielt 800 stikjes oranjekoeke út oan personiel fersoargingstehuzen

07 apr 2020 - 11:36

De Lionsclub Harns en Frjentsjer hat tiisdeitemoarn yn gearwurking mei lokale bakkerijen 800 stikjes oranjekoeke rûnbrocht foar it personiel fan fersoargingstehuzen yn de regio Harns en Waadhoeke. De klup wol hjirmei de meiwurkers yn de soarch in hert ûnder de riem stekke yn 'dizze drege en frjemde perioade'.

De Lionsclub is in klup dy't har ynspant foar it maatskiplike belang. De klup organisearret ûnder mear eveneminten om jild op te heljen, mar docht ek projekten wêrby't se sels de hannen út de mouwen stekke. "We hebben ooit voor Staatsbosbeheer een heel veld ontdaan van een distel die heel vervelend was en zo hebben we nu in deze tijd gezegd we moeten nu ook wat bijdragen", seit Paul Scheffer fan de Lionsclub.

"Je hoort steeds vaker dat de druk enorm is in de zorg", seit Scheffer. "Toen dachten we dan moeten we daar maar even een goed gebaar maken."

Kontakten yn de soarch

De stikjes oranjekoeke wurde útdield yn Tsjom, Tsjummearum, Sint-Anne, Menaam, Frjentstjer en Harns. "We hebben veel contacten met een aantal zorghuizen. We hebben tijdens de Tall Ship Races 600 mensen door de havens gevaren. Dan doen we wat voor de cliënten van de zorghuizen, maar op dit moment staat het zweet op het voorhoofd van de mensen die achter de problemen aanrennen", seit Scheffer.

Foto: Omrop Fryslan

De klup hat keazen om de stikjes oranjekoeke meitsje te litten troch lokale bakkerijen. "Elke plaats waar we straks langsgaan staat de lokale bakker op dit moment klaar met de slagroomspuit, hoop ik", seit Scheffer.

Stikje fan de priis ôf

Bakkerij Elsinga yn Harns is ien fan de bakkerijen dy't meidocht oan it projekt. Sy meitsje 185 stikjes oranjekoeke. "Wij vonden het natuurlijk hartstikke leuk. Vandaar dat we wat van de prijs hebben af gedaan om ze toch wat tegemoet te komen. Wij hebben wat, de club heeft wat en de mensen die het heel hard verdienen die gunnen wij dat zeker", seit Jolanda Bouwhuis fan de bakkerij.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman seach by Bakkerij Elsinga

(advertinsje)
(advertinsje)