Fidesta Zorg Franchise nimt Noflik Wenje definityf oer fan Patyna

Soarchgroep Idesta nimt wensoarchlokaasje Noflik Wenje yn Oentsjerk mei yngong fan 1 maaie definityf oer fan âldereinsoarchorganisaasje Patyna. Noflik Wenje wurdt dêrmei ûnderdiel fan soarchkonsept Fidesta Zorg Franchise, wêrby't in soarchûndernimmer de lokaasje yn behear kriget. Yn febrewaris wie der al in foarnaam beslút. De oername giet troch no't dúdlik is dat alle tsien kliïnten yn Noflik Wenje wenjen bliuwe. Mei de oername bliuwt Noflik Wenje foar de regio Trynwâlden behâlden.
© Omrop Fryslân
Noflik Wenje yn Oentsjerk is in wenfoarm foar minsken dy't demintearje. Yn desimber 2019 makke Patyna bekend dat Noflik Wenje op 1 jannewaris takom jier slute moast. Patyna stelde dat it iepen hâlden fan de lokaasje net mear mooglik is, om't dy te lyts wêze soe om út te kinnen.
Mei alle bewenners en/of harren neisten hawwe individuele petearen west. Alle tsien bewenners hawwe oanjûn graach yn Noflik Wenje wenje te bliuwen. Ek in grut part fan de hjoeddeistige meiwurkers giet mei nei Fidesta.

Selsstannich soarchûndernimmer

Irene van Dellen wurdt de selsstannich soarchûndernimmer fan Fidesta Noflik Wenje. Sy wurket al in oantal moannen as ferpleechkundige en teamlieder yn Noflik Wenje. "Het is geweldig dat de huidige bewoners op deze locatie kunnen blijven wonen en dat de bekende gezichten zorg blijven verlenen", seit Johan Krul, bestjoersfoarsitter by Patyna.