Minder oanmeldingen by GGZ Friesland, organisaasje siket oare wizen foar kontakt

07 apr 2020 - 10:58

De GGZ yn Fryslân krijt yn dizze tiid mei it coronafirus minder oanmeldingen as oars. Neffens GGZ-bestjoerder Ton Dhondt komt dat mooglik trochdat minsken dat no minder gau doare. "De huisartsen zijn nu bezig met heel andere dingen en mensen hebben schroom om naar de huisarts te gaan voor een verwijzing naar de GGZ."

GGZ Friesland - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It betsjut net dat der ek echt minder minsken ferlet ha fan geastlike sûnenssoarch. "De GGD ziet dat er achter de voordeur wat onrust ontstaat", fertelt Dhondt yn Muzyk yn Bedriuw. "We zijn in overleg met de GGD wat onze bijdrage kan zijn, dus of we dat wat terug kunnen brengen en mensen kunnen ondersteunen."

Oare wize fan berikberens

Dan is it soarchlik dat minsken yn dizze tiid minder gau nei de húsdokter gean foar in ferwizing. "Daarom denken we na of we op een andere manier bereikbaar kunnen zijn als mensen vragen hebben. We willen daarvoor mogelijk een dienst in de lucht zetten, zodat het mogelijk is om met ons te whatsappen of te bellen. Je kunt op allerlei manieren iets bedenken."

By de GGZ wurkje se yn dizze perioade ek mear thús, foar safier't dat kin. Dhondt: "Als het echt nodig is, dan zien we onze patiënten nog steeds face-to-face. Maar als het kan, dan doen we het op een andere manier: telefonisch, beeldbellen of via eHealth-mogelijkheden, Dus we proberen mensen te zien als het nodig is, maar als het even kan, dan doen we het op afstand." Sa dogge se ek noch hieltyd nije intakes. "Alles op een andere manier dan we gewend waren, maar het lijkt wel te werken."

Ton Dhondt fan GGZ Friesland

Op inisjatyf fan de GGZ yn Fryslân hat sjonger Syb van der Ploeg ek in nûmer skreaun, om sa soarchmeiwurkers en pasjinten yn ús provinsje te stypjen. "We hebben al een poosje contact met Syb van der Ploeg", fertelt Dhondt. "We hebben hem gevraagd hoe we de mensen in de zorg, dus niet alleen de GGZ Fryslân, een hart onder de riem kunnen steken. Syb heeft een nummer gemaakt dat echt gaat over de mensen in de zorg. Dat heeft hij heel mooi gedaan."

Goede gearwurking yn Fryske soarch

It jout neffens Dhondt oan dat it de Fryske organisaasjes goed byinoar passe. "We zijn er heel blij mee en heel trots op. We doen dit samen met tien à vijftien andere zorgpartijen in Fryslân: verpleeghuissector, ziekenhuizen, de ambulancedienst. Het is echt een gezamenlijk initiatief. Met de onderlinge betrokkenheid en samenwerking zit het hier wel goed."

De premjêre fan it nije nûmer Altijd dichtbij wie by Omrop Fryslân. Dêrnei kaam it ek op YouTube:

(Advertinsje)
(Advertinsje)