Weidumer reedrider Tjerk de Boer nei Team IKO

07 apr 2020 - 10:22

Reedrider Tjerk de Boer fan Weidum makket de oerstap fan Team easyJet nei Team IKO. De Boer wurdt dêr de ploechgenoat fan ûnder oare Letitia de Jong, Jan Blokhuijsen en Jorien ter Mors. Martin en Erwin ten Hove wurde syn trainers.

Tjerk de Boer - Foto: www.orange-pictures.nl

De 21-jierrige De Boer ried de ôfrûne twa jier foar de ploech fan Jillert Anema. "Ik denk dat ik bij Team IKO beter tot mijn recht kom", seit er. "Het is een goede mix van korte- en langeafstandrijders. Van iemand als Jan Blokhuijsen kan ik veel leren over het allrounden. Ik wil met vooral specialiseren op de 1.500 meter."

De Boer mocht ôfrûne seizoen mei nei de wrâldbeker yn Kazachstan foar de ploege-efterfolging, nei't in tal oare riders ôfsein hiene. Op it NK Allround waard er yn 2019 sechsde en it ôfrûne seizoen achtste. De Boer makke twa jier lyn de oerstap fan shorttrack nei it langebaanriden.

(advertinsje)
(advertinsje)