Buma: net direkt boete útdiele by oertrêdzjen maatregels, earst oansprekke

07 apr 2020 - 09:11

Der binne yn oardel wike tiid mear as hûndert meldingen dien by it Meldpunt Oerlêst fan de gemeente Ljouwert. Minsken kinne dêr oanjaan as oaren har net oan de coronamaatregels hâlde. "Het is fijn om de meldingen te krijgen", seit boargemaster Sybrand Buma. "Want dan kan Stadstoezicht gericht naar die plekken toe."

De Prinsetún yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Buma hat it meldpunt op 27 maart spesjaal iepenset foar meldingen dy't mei it coronafirus te krijen hawwe. "We wisten van tevoren natuurlijk niet zeker of mensen er echt gebruik van zouden maken. Maar het werkt dus wel." De meldingen dy't binnen komme, binne foar Buma net ferrassend. "De overlast die mensen melden herkennen we wel. Vooral groepen jongeren, op skatebanen, in beweegtuinen, voetbalkooien. We weten dat dat risicoplekken zijn."

Net alles is in oertrêding

Mar der komme ek meldingen binnen oer kafees of kapperssaken. Dy meie net iepen wêze, mar dat is ek net altyd it gefal. "Men is dan bijvoorbeeld aan het verbouwen, want dat doen nu veel ondernemers. Dus dan zijn er wel mensen aanwezig, maar het is dan geen overtreding."

En wêr't wol in oertrêding fêststeld wurdt, dielt hanthavening net direkt in boete út. "In principe worden de overtreders aangesproken. Tot nu toe werkt dat voldoende. Als het te veel wordt en mensen de regels aan hun laars lappen, dan moeten we harder optreden."

Eigenlijk wil je zoveel mogelijk openhouden, want je moet érgens naartoe.

Buma sjocht it net sitten om bygelyks parken te sluten

Buma is ek de foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân. Mei de foarsitters fan alle oare regio's ha se moandei bepaald dat se kommend wykein strjitten ôfslute kinne. Ek parken kinne tichtset wurde, mar dat is net in maatregel dy't Buma graach brûkt. "Eigenlijk wil je zoveel mogelijk openhouden, want je moet érgens naartoe. Terreinen afsluiten kan, maar dan zo klein en zo gericht mogelijk. Parken zou ik toch zolang mogelijk open willen houden, want juist daar kunnen mensen een beetje verspreid lopen."

Foar kommend wykein wurdt hjir en dêr mear drokte ferwachte as oars, omdat it Peaske is. "We moeten gewoon kijken hoe het gaat. En als het ergens te druk wordt, dan kunnen we die plek op dát moment afsluiten."

It giet hjir goed

Oer it algemien fynt Buma dat it hjir yn Fryslân hiel bêst giet. "De Friezen hebben zich heel goed aan de regels gehouden, dat is ook de reden waarom er niet opgetreden hoefde te worden. Als dat nou komend weekend weer zo is, dan is er niets aan de hand." Mooglik falt der kommend wykein wat rein, seit Buma, dus dat kin de grutste drokte ek tsjingean.

Sybrand Buma oer it meldpunt en kommend wykein

(advertinsje)
(advertinsje)