Boargemaster Skylge: 'Foldwaande alternativen foar pasjinteferfier'

07 apr 2020 - 08:02

Waarnimmend boargemaster Jon Hermans-Vloedbeld fan Skylge begrypt de soargen dy't op it eilân libje, no't de ambulânsehelikopter ynset wurdt foar it ferfier fan coronapasjinten. De helikopter is út de reguliere tsjinsten helle, en beskikber steld oan it lanlik koördinaasjesintrum. Mar neffens de boargemaster binne der foldwaande alternativen en hoege ynwenners har gjin soargen te meitsjen.

Foto: Provinsje Fryslân

De boargemaster hat in soad begryp foar de soargen. "Wij als Waddenburgemeesters allemaal, maar we zitten nu in een crisissituatie, waarin de helikoptervoorziening gevorderd is door het ministerie van VWS."

De Regionale Ambulancevoorziening (RAV) hat alternativen regele foar it reguliere pasjinteferfier. "Het uiterste is gedaan om een redelijk alternatief te vinden voor het tijdelijk verdwijnen van deze ambulancehelikopter. Ik vertrouw erop dat het vervoer op een adequate manier wordt geregeld."

Net in demokratysk proses

De Waadboargemasters krigen ôfrûne snein te hearren dat de helikopter mei yngong fan 16.00 oere dy dei foardere waard. "Dat zit niet in een democratisch proces, maar dat hoort ook bij de aanpak van een crisis. Bij zo'n plotselinge maatregel is er nagedacht over zo goed mogelijke alternatieven."

Mocht de situaasje omslaan op Skylge en der mear driuwend ferfier nedich wêze, dan sille de boargemasters neffens Hermans-Vloedbeld oan 'e bel lûke by de Veiligheidsregio, de RAV en byneed by it ministearje.

Krekt boargemaster

Hermans-Vloedbeld is suverkrekt boargemaster fan Skylge en komt dus fuortendaalks foar in flinke útdaging te stean. "Maar dat geldt voor ons allemaal. Iedereen moet nu een stapje harder doen. Of je nu één dag burgemeester bent of al twintig jaar, wij moeten omgaan met dit soort situaties en ik doe dat met liefde."

Boargemaster Jon Hermans-Vloedbeld oer de soargen

(advertinsje)
(advertinsje)