Peiling: mearderheid Friezen hâldt coronamaatregels ek nei 28 april fol

07 apr 2020 - 07:00

As de maatregels fan de oerheid tsjin corona ek nei 28 april bestean bliuwe, tinkt in grutte mearderheid fan de ynwenners fan Fryslân dat fol te hâlden. Yn Oerisel, Grinslân en Drinte is sprake fan in ferlykber byld. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de fjouwer noardlike regionale omroppen yn Nederlân. Mar dat wol net sizze dat it maklik is. Sosjale kontakten wurde dizze wiken bot mist.

Yn de fjouwer noardlike provinsjes tinkt acht prosint fan de ûnderfregen in ferlinging fan de maatregels krekt net fol te hâlden. Hast tsien prosint stiet neutraal yn in ferlinging, wylst sa'n 81 prosint fan de ûnderfregen in ferlinging wol oan kin. Yn Fryslân seit sels 82 prosint in ferlinging fan de maatregels fol te hâlden as it echt moat.

Mear finansjele soargen

It ûndersyk dat RTV Oost, Omrop Fryslân, RTV Drenthe en RTV Noord ûnder de ynwenners fan sechtjin jier en âlder útfierd hawwe, lit sjen dat de maatregels fan it regear impact hawwe op húshâldens yn Noard- en East-Nederlân. Sa makket goed in tredde fan de ûnderfregen yn de fjouwer provinsjes him mear soargen oer syn of har finansjele situaasje as foar de coronakrisis.

Datasjoernalist Eva Meesterberends oer it undersyk

Foto: ANP Foto

Wat opfalt is dat jildsoargen yn de fjouwer provinsjes it meast spylje yn Oerisel. Ek Fryslân skoart relatyf heech op dizze fraach. 34,5 prosint fan de ûnderfregen yn ús provinsje makket him mear soargen oer de finansjele sitewaasje as foarhinne. Yn Drinte is dat persintaazje mar 27 persint.

Ut it ûndersyk wurdt ek dúdlik dat minsken it lestich fine om thússitte te moatten, al fine de Friezen dat flink minder lestich as de rest fan de noarderlingen. Wêr't yn Drinte, Grinslân en Oerisel sa'n 50 prosint fan de minsken oanjout it ferfelend te finen thússitte te moatten, is dat yn Fryslân mar sa'n 41 prosint.

Ferslachjouwer Willem de Vries prate mei minsken op strjitte yn Ljouwert

'Thúsûnderwiis en wurk lestich te kombinearjen'

Boppe-op soargen oer jild, baanwissichheid of âldere famyljeleden krije minsken dizze wike ek te krijen mei fenomenen as thúswurkje en thúsûnderwiis. Heiten en memmen dy't mei de bêste wil fan de wrâld har bern besykje te helpen.

Goed in tredde fan de ûnderfregen fynt it lestich om it eigen wurk te kombinearjen mei de skoalbegelieding fan har bern.

In soad minsken hâlde harren oan de oprop fan it regear om sa min mooglik it hûs út te gean. Yn de fjouwer noardlike provinsjes sit goed 77 prosint fan de minsken it grutste part fan de dei thús. Wat mear as 43 prosint fan de ûnderfregen wurket ek thús.

Relatyf de measte thúsbliuwers telt Oerisel. In bytsje mear as 79 prosint fan de dielnimmers út Oerisel sit hast de hiele dei thús. It lytste persintaazje dat oanjout omtrint de hiele dei thús te wêzen wennet yn Fryslân, mar mei 74 prosint fan de ûnderfregen ûntrint ús provinsje de oaren amper.

Sosjale kontakten

Sosjale kontakten wurde flink mist, ek yn ús provinsje. Hast 70 prosint fan de noarderlingen fynt it lestich dat it sosjale libben sa goed as stil is kommen te lizzen. Yn Fryslân seit goed 65 prosint dat se sosjale kontakten misse.

Soargen binne der genôch yn de fjouwer noardlike provinsjes fan Nederlân. Mar wa't in listje makket, fynt dêr âlden as earste boarne fan soarch foar in soad minsken dy't meidienen oan it ûndersyk. Ek de eigen partner skoart heech, krekt as bern en eigen famyljeleden en freonen. En sels skoanmem wurdt hjir en dêr noch neamd.

Ferslachjouwer Willem de Vries prate mei minsken op strjitte yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)