Yn coronatiid moat senator Gerbrandy nei Den Haag om te stimmen

07 apr 2020 - 06:30

De polityk leit op dit stuit foar it grutste part stil fanwege de coronakrisis. Yn de Earste Keamer yn Den Haag is letter dizze tiisdei wol in gearkomste. De senaat stimt dan oer de 'needpakketten banen en ekonomy' fan ûnder oare de ministearjes fan Finânsjes en Sosjale saken.

Dy needpakketten kinne net wachtsje en dêrom stapt senator Gerben Gerbrandy fan de OSF (Onafhankelijke Senaatsfractie) yn de auto foar in fysike gearkomste yn it Earste Keamergebou. Dy is wol oars as oars troch de corona.

"Der moatte 38 leden echt oanwêzich wêze en in hanteken sette, mar der meie mar 14 senatoaren yn de Keamer sitte, fanwege de ôfstân fansels. Mar it lân moat troch, dus we moatte ek besluten nimme. De wet is yn Twadde Keamer al oannommen, we wolle net in obstakel wêze yn de maatregels dy't no nommen wurde moatte."

Foto: Omrop Fryslân

Hy ferwachtet net dat der in soad diskusje is. "It kontakt moat ommers koart wêze."

Ek de needwet om digitaal te fergaderjen en digitaal beslútfoarming te dwaan wurdt behannele. "Gewoanwei wurdt dêr letter dan oer stimd, mar ik ferwachtsje dat der no fuort ek oer stimd wurdt. It is in goede saak en it giet om in tydlik ferhaal oant 1 septimber. Dan moatte we wer sjen wat de situaasje dan is."

Gerben Gerbrandy

(advertinsje)
(advertinsje)