Liveblog | 7 april 2020

Coronanijs tiisdei 7 april: Kabinet wol apps om coronafirus op te speuren, 73 coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 8 april 2020, 06:16
tiisdei 7 april 2020
22:59

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog foar dizze tiisdei. Tank foar it folgjen.
Ek woansdei melde we nijs oangeande it coronafirus yn in nij liveblog.
21:10

Ekstra maatregels om dupearre ûndernimmers te stypjen

It kabinet hat moandei oanfoljende maatregels naam om ûndernimmers te stypjen fanwegen de ekonomyske gefolgen fan it coronafirus. It giet om ûnder oaren ekstra finansiering fia de Garantie Ondernemersfinanciering (GO-regeling) en spesifike kredytmooglikheden foar start- en scale-ups. Boppedat wurdt de preemje foar de regeling Borgstelling Midden- en Kleinbedrijf (BMKB) ferlege. Ek sil de oerheid leverancierskredyt opnij fersekerje oant in bedrach fan 12 miljard euro. Dêrneist krije mear bedriuwen in ienmalige jefte om harren temjitte te kommen foar de ekonomyske gefolgen fan it bestriden fan it coronafirus. Bedoeling is dat dizze útwreiding fan 15 april 2020 ôf iepensteld wurdt.
20:54

Risikofûns fan 1,1 miljoen foar poadiumproduksjes

Kulturele eveneminten dy't falle ûnder de flagge LF2028 kinne gebrûk meitsje fan in subsydzjeregeling, dy't de risiko's fan in mooglike tsjinfallende kaartferkeap ôfdekt. Yn totaal is der 1,1 miljoen euro beskikber foar de regeliang dy't op 17 april útein sette sil.
De programmapresintaasje fan LF2018 yn Ljouwert © ANP
20:40

Ein april mear dúdlikens oer BinckBank Tour yn Dokkum

No't de Admiraliteitsdagen yn Dokkum net mear trochgeane yn septimber, is it de fraach hoe't it komt mei de BinckBank Tour yn de stêd. De belangrykste etappekoers foar profesjonele fytsers yn Nederlân en België sil dit jier op 31 augustus útein sette yn Dokkum. It is de bedoeling dat der dan in etappe fan goed 170 kilometer troch Noardeast-Fryslân fytst wurde sil. Oarspronklik soe de BinckBank Tour ekstra gewicht jaan oan de Admiraliteitsdagen, dy't oan de tsiende edysje ta wie. Deputearre Sander de Rouwe seit dat der ein april wer oerlis mei de organisaasje fan de BinckBank Tour wêze sil.
© www.orange-pictures.nl
20:22

Ekstra stipe foar lokale en regionale nijsmedia

Minister Slob lûkt ienmalich 11 miljoen euro út om hús-oan-húskranten en lokale publike omroppen te helpen dy't troch de coronakrisis yn need rekke binne. Om foar te kommen dat minsken yn dizze tiid net de ynformaasje út harren omjouwing krije, ûntfange dizze nijsmedia -ôfhinklik fan harren oplage en berik- in bydrage tusken de 4.000 euro en inkelde tsientûzenen euro's út in tydlik stipefonds.
20:18

Feanster boargemaster Van der Zwan betanket alle ynwenners