Muorreskilderij Maria Louise ferdwynt nei fiif jier

06 apr 2020 - 19:10

Wa't wolris yn it sintrum fan Ljouwert komt, ken it muorreskilderij fan Maria Louise wol. Maria Louise, yn Fryslân ek wol bekend as Marijke Meu, is in fiere foarâlder fan kening Willem-Alexander. Hy ûntbleate dat skilderij fiif jier lyn ek. Mar... it skilderij giet fuort.

Foto: Omrop Fryslân

"It wie in grut sukses, in publykslûker en it hichtepunt by rûnliedingen, mar it moat fuort, it kin sa net langer", seit Bearn Bilker fan de Stichting Nassau en Friesland.

"It is min fan kwaliteit, de farve lit los. In skoft lyn is it opknapt, mar de muorre is swak mei stúkwurk en as dêr focht achterkomt brokkelet it ôf. Der wie ek in soad krityk. As ik der delrûn, seach ik in oare kant út. Ik skamje my o sa."

Op in terras yn Dútslân hie Bilker it idee foar de muorreskildering betocht, it sukses hie er net ferwachte. Oanlieding wie it 250ste stjerjier fan Maria Louise yn 2015 dat mei tal fan aktiviteiten betocht is.

"No't it stil yn de stêd is en de brassery dêr't de muorre fan is gjin terras hat, moat it wêze. We sille earst in stikje dwaan as proef."

De Stichting tinkt nei oer mooglike alternativen. "Dat kostet in hoop jild en dy muorre moat earst goed. Mar we binne optimistysk."

Bearn Bilker

(advertinsje)
(advertinsje)